Skiednis - Nijs - Kykjes - Ekstra's - Easterwierrum - Easterlittens - Weidum - Organisaasje - Gasteboek - Stipers - Thús


WOLKOM

Spulwike

Yn de earste wike fan de simmerfakânsje fynt de Spulwike plak,
dit jier, 2011, is dat fan moandei 25 july oant freed 29 july.


De bern

Bern út de groepen 3 oant en mei 8 fan it basisûnderwiis yn de gemeente Littenseradiel kinne oan de Spulwike meidwaan.
De bern wurde nei groepen ferdield oer de trije doarpen. Yn Easterwierrum wurde de bern fan de groepen 3 en 4 fermakke. De earste groep bern is op moandei en tiisdei yn Easterwierrum, foar de twadde lichting bern fan groep 3 en 4 is de Spulwike op woansdei en tongersdei. Easterlittens ûntfangt de groepen 5 en 6 en fermakket de bern út dizze groepen fjouwer dagen lang (moandei o/m tongersdei) mei hiele aardige spultsjes . De groepen 7 en 8 binne te gast yn Weidum; de bern binne dêr fiif dagen, fan moandei oant en mei freed, en bliuwe fan tongersdei op freed sliepen. De Spulwike begjint yn de trije doarpen alle dagen om healwei tsienen moarns en is om in oere as fjouwer middeis wer ôfrûn, útsein de tongersdeis yn Weidum fansels.


De lieding

De lieding fan de Spulwike binne allegearre frijwilligers. Hja stekke in protte tiid yn it betinken fan spultsjes, ferskes ensfh. Fan 17 jier ôf kin elts dy't graach mei bern wurket al oan de Spulwike meidwaan. Do begjinst dan yn Easterwierrum by de jongste bern of yn Easterlittens. Ast al 18 bist, kinst útsykje yn hokker doarp ast mei dwaan wolst.

 

mear ynformaasje? maile nei: info@spulwike-littenseradiel.nl





NIJS

Maaie 2011:

Spulwike is no ek te fienen op Twitter. www.twitter.com/spulwike

Juni 2011:

It opjefte formulier is slúten, mar opjaan kin noch hielty. Stjoer in mail nei info@spulwike-littenseradiel mei der yn dien namme, skoalle, de groep wer asto no yn sist op skoalle, bysunderheden (as die der binne) en in tillefoannummer fan dien heit of mem (foar needgefallen).

freed 17 juni 2011: Folgende wike krije de bêrn in brief mei de lêste ynformaasje. Derop stean ek de dagen dat de bern ferwachte wurde.



SPULWIKE KRANTEN

Hasto yn dyn regio gjin skille mar wolst de krant wol lêze?
Klik dan hjir om de kranten del te laden!

FOTO'S




THUSSIDE STIPERS







(c) 2000-2007 Spulwike Littenseradiel